Plom Rover foar It Amelân

De gemeente Amelân hat in earfolle fermelding krigen by de útrikking fan de Reizigersprijs 2009. Dat is in priis fan reizgersorganisaasje ROVER. De priis is foar in bedriuw, projekt of persoan dy't fan grut belang is of west hat foar it iepenbier ferfier.
Amelân krige de earfolle fermelding foar it fergese iepenbier ferfier foar 65-plussers. Mar ek it omlizzen fan de OV-line Bueren/Nes yn 'e simmer en it finansieren fan in bus-boat-busreis nei it sikehûs krige lof fan 'e sjuery.