Auto tsjin beam by Lytsewâld

De auto rekke slim skansearre (foto Jan Beets, 112 Nederland)
Op de Trekwei by Lytsewâld is sneontejûn in frou ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De frou wie mei de auto ûnderweis nei Gerkeskleaster. Se waard net goed, ferlear de macht oer it stjoer en bedarre yn 'e beamwâl.
De frou waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Har auto rekke swier skansearre en waard fuortsleept troch in bergingsbedriuw.