Restauraasje mûne begjint

Yn Wolvegea begjint tongersdei de restauraasje fan de mûne Windlust.
Yn Wolvegea begjint tongersdei de restauraasje fan de mûne Windlust. Dat is ien fan de grutste graanmûnen fan Nederlân. De opknapbeurt is nedich om de mûne wer by de tiid te bringen, want hij wurdt noch altiten brûkt.
Omdat it om in grut en bysûnder restauraasjeprojekt giet, wurdt offisjeel stilstien by it begjin derfan. Dat gebeurt mei taspraken, it ûntbleatsjen fan it bouboerd en mei in rûnlieding. De mûne is eigendom fan de gemeente Weststellingwerf.