Timmerman wint foar De Vries

Bob de Vries is de nije klassemintsoanfierder (foto Martin de Jong)
Karlo Timmerman hat de tredde maraton fan it seizoen wûn. Yn Amsterdam wie er yn de einsprint rapper as Bob de Vries fan De Haule en Sjoerd Huisman. By de earste tsien sieten ek de Friezen Bart de Vries (5e) en Douwe de Vries (7e). Bob de Vries is de nije lieder yn it klassemint.
By de froulju gong de winst nei Mariska Huisman. De reedrydster út Noard-Hollân bleau Maria Sterk fan Hallum en Daniëlle Bekkering foar. Maria Sterk bliuwt klassemintsliedster.