Djoer ferlies Flyers

24 okt 2009 - 20:55

De Hajé Flyers ha de wedstriid yn en tsjin Amsterdam mei 3-2 ferlern. Dat barde nei ferlinging. Yn de earste twa perioaden bleau it 0-0. Marcel Kars sette yn de tredde perioade de thúsploech op in 2-0 foarsprong. Jamie Visser en John Gordon sleepten der foar de Flyers dochs noch in ferlinging út. Dêryn brocht Brent Janssen de winst by de Amstel Tijgers.

Troch it ferlies tsjin de nûmer lêst binne de Flyers sa goed as útskeakele foar de playoffs fan de bekerkompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)