Aksje tsjin sluten Sintrum A7

24 okt 2009 - 16:11

Hûnderten minsken ha sneon op It Hearrenfean protestearre tsjin de mooglike sluting fan it Sintrum foar de Keunsten A7. De takomst fan it muzyksintrum stiet faai om't gemeenten wegerje 250.000 euro subsydzje te jaan. Sûnder dat jild kin it sintrum net fierder mei it wurk.

De organisaasje is bliid mei alle stipe. Ek keamerlid Joop Atsma makket him soargen oer de takomst fan it sintrum. Hy wol fragen stelle oan de minister fan Kultuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)