Wytrussyske bern yn Ljouwert

Bern út Wyt-Ryslân yn Ljouwerter gastgesinnen
Tritich bern út Wyt-Ruslân binne in pear wiken te gast yn Ljouwert. De bern tusken de 10 en 12 jier kamen sneon mei de bus oan nei in dei en in nacht reizgjen. De útfanhuzerij soe ferline jier wêze, mar waard doe ferbean troch de presidint fan Wyt-Ruslân, Lukashenko.
De bern binne útnoege troch de Stichting Rusland Kinderhulp. Se wurde ûnderbrocht by gastgesinnen. Der binne twa leararessen meikaam sadat se ek nei skoalle kinne.