Slaanderij yn Twizelerheide

24 okt 2009 - 15:15

In ynwenner (35) fan Twizelerheide is freedtejûn yn in hoarekasaak yn syn wenplak mishannele. Yn it kafee wie in fjochtpartij ûntstien en it slachtoffer woe dêrom de plysje belje.

Doe't er nei de keuken rûn om te beljen, waard er sûnder oanlieding tsjin 'e holle slein. Hy rekke even út de tiid en rûn in flinke jaap yn 'e holle op. Hy hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)