Man mislediget plysje

© Omrop Fryslân
In ynwenner (47) fan Ljouwert is freedtenacht op de Wybrand de Geeststrjitte yn syn wenplak oanhâlden. Hy hie de plysje misledige.
De plysjes hiene in melding krigen dat der in man op 'e dyk lei. Doe't se by him kamen en him oansprutsen, waard de man obsternaat en misledige de plysjes. Hy is meinommen nei it buro foar ferhoar en krige in proses-ferbaal foar iepenbier dronkenskip.