Strân Skier wer skjin
It strân fan Skiermûntseach oan de Noardseekant is wer skjin. Begjin dizze moanne spielde de ynhâld fan ferskate konteners oan. It oanspielde guod lykas stofsûgerslangen en fytstsjillen siet lykwols yn pypskûm en dat moast gau oprêden wurde. Troch rap yngripen koe him dat net ferspriede oer it eilân.
It oprûmjen is betelle troch de fersekering.