Klacht oer sakelju Jouwer

Undernimmers moatte yn it spier foar har doarp
Undernimmers op De Jouwer dogge te min foar de organisaasje fan eveneminten. Dat skriuwt foarsitter Felix van Beek fan de ûndernimmersferiening. De feriening telt 110 leden, mar sa'n 15 dogge echt wat.
De measte ûndernimmers sizze it te drok te hawwen mei har bedriuw. Dat moat feroarje want oars kin in populêr evenemint lykas Boxing Day net mear trochgean. By de ledegearkomste joegen ferskate leden oan wer meidwaan te wollen oan de aktiviteitekommisje.