Utstalling bibelkeunstwurken

© Omrop Fryslân
Yn Deinum is dit wykein wurk te sjen fan Afke Nouta. De útstalling hyt 'God seach dat it goed wie... ek dêrnei'. It is yn de Sint Jan tsjerke.
Yn dizze kontroversjele útstalling is te sjen hoe't Nouta fan âlde bibels keunstwurken makke hat. Se ferknipte, fernaaide en beplakte de bibels ta opmerklike objekten. As keunstner wurket Nouta altyd mei materiaal dat net mear brûkt wurdt. Fanwege de Bijbeltiendaagse hat se keazen foar bibels.