Untslaggen boubedriuw Lont

24 okt 2009 - 11:25

By boubedriuw Lont ferdwine goed 20 banen. Dit komt om't it net goed giet yn de bousektor. Foar 2010 sjocht it der ek net goed út.

Om it bedriuw sûn te hâlden, wurde ôfrinnende kontrakten net ferlingd en krije in tal minsken dien. It giet benammen om minsken dy't wurkje yn de wenningbou, dêr is te min wurk foar har. By it bedriuw wurkje no noch 105 minsken. Moandei sil de direksje oerlizze hoe't it krekt ynfuld wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)