Single Elske DeWall is út

Elske DeWall
Yn it Lloyd Hotel yn Amsterdam wie freed de presintaasje fan de earste single fan sjongeres Elske DeWall fan Feanwâlden. Foar freonen, famylje en de parse spile se it earste nûmer fan it album Balloon over Paris 'Come see the end in me'.
Hast in jier neidat se har hanteken sette ûnder in platekontrakt by Universal Music komt no pas de earste single. Yn jannewaris komt it album Balloon over Paris út. De sjongeres wennet tsjintwurdich yn Ljouwert.