Wer winst Cambuur

Mark de Vries begûn freed bysûnder sterk oan de wedstriid tsjin Omniworld
Cambuur bleau ek yn de 13e wedstriid sûnder ferlies. De Ljouwerters wûnen freed mei 4-2 fan FC Omniworld. Mark de Vries makke binne 16 minuten 2-0. FC Omniworld kaam werom oant 2-1. De Visscher miste in penalty, mar Sandor van der Heide makke wol de 3-1.
Flak foar rêst kaam Omniworld werom oant 3-2. De Visscher makke yn de 60e minút dien wurk: 4-2. Cambuur stiet noch altyd boppe-oan. De Ljouwerters hawwe no 29 punten út 13 wedstriden.