Grypslachtoffer (14) op Skylge

23 okt 2009 - 17:52

In 14-jierrich famke út Haarlim dy't op Skylge mei fakânsje wie, is ferstoarn oan de Meksikaanske gryp. Se fielde har net goed, is fan it eilân nei it sikehûs brocht en letter ferstoarn.

Yn Nederlân binne oant no ta seis minsken ferstoarn oan de Meksikaanske gryp. Fan freed ôf is der offisjeel in Meksikaanske grypepidemy. Ek yn Fryslan. Yn Fryslân ha oant no ta 30 minsken de Meksikaanske gryp skipe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)