Mear seehûnen yn Waadsee

23 okt 2009 - 14:31

It tal seehûnen yn de Waadsee is it ôfrûne seizoen op 'e nij groeid. Dat seit ûndersyksynstitút Imares yn Wageningen op grûn fan resinte tellingen. Mei-inoar binne der yn Nederlan, Dútslân en Denemarken hast 24.000 seehûnen. Fral mei de grize seehûn giet it goed. It tal jongen is sels ferdûbele. It tal seehûnen groeit al sûnt de jierren '70.

Neffens Imares is it dreech oan te jaan hoe grut de populaasje op syn meast wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)