Huzehannel op Twitter

23 okt 2009 - 11:12

In makelder út Snits makket as earste yn de regio gebrûk fan Twitter om allerhande fragen fan minsken oer it keapjen en ferkeapjen fan huzen te beantwurdzjen. It giet om Annet de Jong Makelaardij. De fragen wurde binnen twa dagen beantwurde. Dy binne dan nei te lêzen op de site fan de makelder.

Twitter is in netwurk op mobyl ynternet dêr't minsken yn in beheinde romte fan maksimaal 140 tekens kommunisearje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)