Frou ferwûne by oanriding
In 43-jierrige frou út Ljouwert is tongersdei ferwûne rekke by in oanriding op de Brandemeer yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.
It slachtoffer ried op har bromfyts en waard skept troch in autobestjoerder dy't fan de Dammelaan kaam. Dy joech de frou gjin foarrang. De frou rekke ferwûne oan 'e knibbel. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.