Ferwûne by ûngelok De Falom
In man fan 26 jier út Broeksterwâld is tongersdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn De Falom. Hy ried yn syn auto oer de Haadwei en waard nei alle gedachten net goed. Dêrtroch rekke er fan de dyk en botste er tsjin in beam.
De man hie ferwûnings oan 'e búk. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.