Fytse sûnder ljocht: 40 boetes

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitejûn yn Ljouwert fjirtich minsken op 'e bon slingere omdat se gjin ferljochting op 'e fyts hiene. Oare fytsers krigen in bekeuring foar it negearen fan in stopteken, foar it jaan fan in falske namme, it fytsen yn fuotgongersgebiet of it net hawwen fan in identiteitsbewiis.
Ien Ljouwerter (20) waard oanholden omdat er de plysjes misledige. By syn oanhâlding fersette er him. Op it buro is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.