CU: bûten swimme yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De fraksje fan de ChristenUnie yn Ljouwert fynt dat de gemeente no einlings wurk meitsje moat fan in iepenloftswimbad. Dêr wurdt al jierren oer praat, mar oant no ta is der neat fan op 'e hispel kaam, foaral omdat der gjin jild foar wie.
De ChristenUnie wol in ûndersyk nei de helberheid fan in iepenloftswimbad. De fraksje seit dat de PvdA dêr alris in moasje oer yntsjinne hat. Dy is doe yn grutte mearderheid oannaam.