SC Hearrenfean wint yn Berlyn

Matchwinner Hernan Losada
SC_Hearrenfean hat de tredde pûlwedstriid yn de Europa League tsjin Hertha BSC wûn. Yn Berlyn waard it 1-0 foar Hearrenfean. De goal foar Hearrenfean waard makke yn de 36e minút troch Hernan_Losada.
De Feanster supporters wiene út de skoeven nei de oerwinning fan de ploech fan trainer Jan de Jonge. Troch de trije punten yn Berlyn hat Sportklup_Hearrenfean goede saken dien om de folgjende ronde te heljen.