Presintaasje Fryske Bosatlas

22 okt 2009 - 16:10

De nije Fryske Bosatlas is tongersdei yn Postplaza yn Ljouwert offisjeel presintearre. It boek lei al in skoftsje yn 'e winkels. It kostet 100 euro. Utjouwerij Noordhoff hat der twa jier oan wurke. Dêrby hawwe Fryske ynstituten lykas bygelyks Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert meiwurke.

De priis fan 100 euro jildt noch oan 'e ein fan dit jier ta. Dêrnei is de Fryske Bosatlas tweintich euro djoerder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)