Stenden stelt útwreiding út

22 okt 2009 - 15:36

Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert giet foarearst net troch mei de plannen foar in festiging yn Berlyn. Fierders binne de plannen foar útwreiding yn Emmen ek fan 'e baan. De reden dêrfoar is dat de hegeskoalle dit jier 700.000 euro minder oan subsydzje fan de oerheid krijt. Dêrom wol Stenden gjin nije finansjele ferplichtings oangean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)