Grut AOW-protest yn novimber

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV hâldt op sneon 21 novimber in grutte manifestaasje yn it Noarden tsjin de kabinetsplannen om de AOW-leeftyd te ferheegjen nei 67 jier. Minsken wurde oproppen om dy dei massaal te protestearjen. In pear wike ferlyn hold de FNV lytsskaligere manifestaasjes yn ûnder oare Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean.
Anne van Dijk fan FNV Bondgenoten fynt dat de manifestaasje hurd nedich is, al hat it grutte publyk him noch net massaal útsprutsen tsjin de plannen.