Bergsma Kazaksk kampioen

Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is yn Tsjeljabinsk yn Kazachstan kampioen wurden op de 5000 meter. Bergsma hat sûnt in heal jier in Kazaksk paspoart om him te pleatsen foar de Olympyske Spullen. Om dêr kâns op te meitsjen moast er meidwaan oan de ôfstânskampioenskippen yn Kazachstan.
De oare Fryske Kazak, Arjan Stroetinga fan Waskemar, waard twadde. Beide Friezen gean no mooglik mei de Kazakse achterfolgingsploech nei de Olympyske Spullen yn Vancouver.