CNN makket opnames fan Liet

22 okt 2009 - 14:41

Televyzjestjoerder CNN sil opnames meitsje fan Liet Ynternasjonaal. It festival wurdt hâlden op sneon 31 oktober yn De Harmonie yn Ljouwert. CNN makket in reportaazje foar de eigen stjoerder. De Ierske stjoerder TG4 sil ek fan 'e partij wêze. Dy sil de Ierske dielnimmer Fiach folgje.

Liet Ynternasjonaal is in sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen. Sjonge yn it Ingelsk is ferbean. In lid fan 'e Ried fan Europa sil de publykspriis útrikke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)