Cambuur klear foar Omniworld

22 okt 2009 - 12:21

Cambuur is klear foar de thúswedstriid tsjin FC Omniworld. De Ljouwerters misse Türk troch in skorsing en Jos van Nieuwstadt troch in blessuere. Fierder is de seleksje folslein.

Ferdigener Rober van Boxel traint wer mei de groep mei en ek Randy Rustenberg is wedstriidfit. Hy begjint yn de basis. It plak fan Türk wurdt ynnaam troch Paul Beekmans. It Cambuur stadion sit freedtejûn fol. Nei de winst op Go Ahead Eagles ferline wike stean de Ljouwerters boppe-oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)