Mear earewraakopfang nedich

22 okt 2009 - 12:10

It tal opfangplakken foar slachtoffers fan earewraak moat ferdûbele wurde. Dat fynt helporganisaasje Fier Fryslân, ferantwurdlik foar Zahir. Dat is ien fan 'e twa opfanghuzen foar slachtoffers fan earewraak.

Sûnt 2007 binne der sechtsjin opfangplakken yn Nederlân. Acht dêrfan binne fan Fier Fryslân. Dy falle ûnder Zahir. De help krijt hieltyd mear bekendheid en dêrom is der mear fraach nei. Ientredde fan it tal froulju dy't har melde, kin gjin plak krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)