Foarsitter Heldoorn opstapt

22 okt 2009 - 10:52

Sicko Heldoorn is opstapt as foarsitter fan de Combinatie van Beroepsvissers. De oare bestjoersleden hâlde der ek mei op. Oanlieding is de gong fan saken om it fangstferbod fan iel hinne. It bestjoer hat der alles oan dien om dat ferbod foar te kommen, mar it ministearje fan LNV set it dochs troch.

It bestjoer stelt no de funksje beskikber. Heldoorn is fuortendaliks ophâlden, syn kollega's bliuwe as ynterim-bestjoer noch eefkes oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)