Wettersportbedriuw fallyt

© Omrop Fryslân
Wettersportbedriuw Van Zandbergen yn Dronryp is troch de rjochter fallyt ferklearre. It bedriuw is yn de problemen rekke trochdat it min giet yn 'e wettersport. Fierders hie Van Zandbergen in strop mei de Hiswa. It bedriuw soe dêr yn septimber mei in pear kollegabedriuwen stean, mar dy seine op it lêste momint ôf. Dêrtroch draaide Van Zandbergen allinnich foar de kosten op.
De folsleine skuld fan it bedriuw is mear as in heal miljoen euro.