Mei stanleymes plysje driigje

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei in man fan 21 út Bitgummole oanhâlden foar bedriging en ferbean wapenbesit. De plysje hie in melding krigen dat ien dwers en ferkeard wie yn in hoarekagelegenheid oan De Weaze.
By oankomst fan 'e plysje stie de man al bûtendoar. De plysjes seine dat er fuortgean moast, mar dat woe er net. De man helle in stanleymes út 'e bûse en bedrige de plysjeminsken. Dy hat him meinaam nei it buro.