Famke oanriden yn Kollum

22 okt 2009 - 09:38
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding op de Foarstrjitte yn Kollum is woansdei in 17-jierrich famke ferwûne rekke. It famke ried op har brommer en joech op in krusing gjin foarrang oan in auto. Dy koe in oanriding net foarkomme.

It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)