Goed 60 km te hurd riden

22 okt 2009 - 09:35

In 56-jierrige man út De Harkema is woansdei syn rydbewiis kwytrekke fanwege te hurd riden. By in kontrôle op 'e Kwelderwei by Kollumerpomp kaam er mei 146 kilometer op de teller foarby. Der mei net hurder as 80 riden wurde.

De hurdrider waard flakby Sâltkamp oanhâlden. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)