Kooyenga's keapje banken

It detasjearringsburo Kooyenga Groep Dokkum stapt yn de fêstguodhannel. De Groep hat sân leechsteande kantoaren fan de Friesland Bank kocht. Dêr bliuwt it net by. Direkteur Romke Kooyenga wol mear jild ynvestearje yn de oankeap fan gebouwen en ek yn oernames fan oare detasjearrings-bedriuwen yn Nederlân.
De Kooyenga Groep hat gjin lêst fan de krisis. It bedriuw sjocht de winst groeien om't der mear minsken oan wurk holpen wurde moatte.