Soargen oer bouwurken Waad

21 okt 2009 - 20:19

De Waadferiening makket him grutte soargen oer de konsekwinsjes dy't de nije krisis- en herstelwet ha sil op de Waadsee. Neffens de feriening wurdt de râne fan it gebiet dan net langer beskerme en kin dêr samar boud wurde. Dus ek hege hoarizonfersmoargjende bouwurken. Dêrtroch kin de rêst en romte yn it gebiet oantaast wurde.

De Waadferiening trunet der by Twadde Keamerleden op oan hjir wat oan te dwaan. Dy prate hjir ein dizze moanne oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)