VDM wint bou hûzen

21 okt 2009 - 19:57

VDM Woningen BV út Drachten is de winner wurden fan de ûntwerpwedstryd foar duorsume wenten yn Lúkswâld. Yn gearwurking mei de gemeente Opsterlân, doarpsbelang en de mooglike keapers wie in wedstryd útskreaun om dizze starterswenten te ûntwerpen.

VDM mei no fjouwer starterswenten bouwe dy't net mear kostje as hûnderttachtich tûzen euro. Trije minsken ha in opsje nommen ta keap. Yn itselde plan komme ek noch twa frijsteande wenten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)