Leven by saak oer Sintrum A7

21 okt 2009 - 14:01

By de rjochtbank yn Ljouwert wie woansdei in demonstraasje fan sawat 40 meiwurkers fan it Sintrum foar de Keunsten A7. Fiif minuten lang waard der leven makke. Dêrnei waarden de muzykynstruminten op in bulte lein.

By de rjochtbank tsjinne in saak fan it sintrum tsjin de gemeenten Opsterlân, It Hearrenfean en de Stellingwerven. It sintrum wol by de rjochter foarelkoar krije dat de gemeenten dochs noch jild yn it sintrum stekke. Oars giet it fallyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)