Kastielskip yn Ljouwert

Der leit in kastielskip neist stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert. It kastielskip is boud troch ridder Lennie. Hy fart no as ridder troch Europa as reizgjend museum mei syn jonkfrou Christel en syn twa hynders Wodan en Hercules.
Ridder Lennie hat trije jier boud oan it skip de Vlotburg. It skip leit oant en mei snein 1 novimber yn Ljouwert. It is alle dagen fan 11 oere ôf iepen.