Kooyenga wol op shirts AZ

21 okt 2009 - 12:21

De Dokkumer multymiljonêr Romke Kooyenga wol de nije shirtsponsor fan fuotbalklup AZ wurde. De oerienkomst soe dan per wedstryd wêze, sa hat er bekend makke. Kooyenga soe de sponsoring fan de Alkmaarse fuotbalklup oernimme fan de fallite DSB Bank.

Fierder hat de Dokkumer ûndernimmer in bod dien op Rinsma State yn Driezum. Dy is fan Dirk Scheringa, mar hy moat it ferkeapje. It bod soe tusken de 1 en 2 miljoen euro lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)