Oanjefte tsjin kokkelfiskers

21 okt 2009 - 12:00

Natuermonuminten op Skiermûntseach docht oanjefte by de plysje. De klup wol dêrmei de kokkelfiskers út it nasjonaal park ha. De hânkokkelfiskers ha fan de provinsje tastimming om op trije plakken yn it Waad te fiskjen.

Behearder Natuermonuminten ferbiedt dat en hat al boetes útdield. Der lei in ôfspraak dat hânkokkelers it gebiet gewurde litte, salang't der oerlis wie. Dit akkoart is neffens de behearder iensidich troch de fiskers opsein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)