Plysje pakt ytpiraat op

21 okt 2009 - 10:04

In Ljouwerter (24) is tiisdeitenacht yn de Nieuwesteeg yn de stêd oanhâlden. De man hie in broadsje besteld en naam dizze mei sûnder te beteljen.

In meiwurker fan de hoarekasaak hat doe de plysje belle en it sinjalemint trochjûn. Plysjes troffen de man efkes letter oan. Hy wie it broadsje oan it opiten. Hy is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)