Klokken Langwar binne stil

Langwar mist it lûd fan de klokken
De twa klokken yn de tsjerketoer fan Langwar binne stil. Se meie net mear let wurde, omdat der lytse skuorkes yn de klokken sitte. Ien fan de twa klokken is fan 1432. De gemeente Skarsterlân is de eigner fan de toer en de klokken en wit noch net hoefolle it kostje sil om de klok te meitsjen.
It is ek noch net bekend wannear't de klokken ûnder hannen nommen wurde, want de gemeente tinkt oan in yngripend restauraasjeplan fan de toer.