Grutte drokte mei ûngelokken

It ûngelok by De Jouwer (foto: Martin de Jong)
De helptsjinsten ha it de hiele dei drok hân mei tal fan ûngelokken rûnom yn de provinsje. Op de A7 by De Jouwer rekke in auto fan de dyk en botste frontaal op in beam. Beide ynsittenden rekken swier ferwûne.
By De Lemmer is tiisdeitemoarn in 50-jierrige Brabanner mei syn frachtwein fan de dyk rekke. Hy waard net goed en is ferstoarn. Yn Drachten en op De Gordyk barden ûngemakken mei fytsers dy't ferwûne rekken.