Fryslân krijt fytsskoalle

© Omrop Fryslân
Fryslân krijt in fytsskoalle. De skoalle is bedoeld om bern, âlderen en allochtoanen better op paad gean te litten. In soad âlderen binne benaud yn it ferkear wylst allochtoane froulju nea fytse en dêrtroch oan hûs bûn binne. In soad bern leare it fytsen fan hûs út net mear.
De skoalle komt op fersyk by skoallen en organisaasjes lâns om minsken it fytsen te learen. It fytsersbûn siket noch in tal fytsdosinten.