Sûnenssintrum op De Westereen

20 okt 2009 - 15:00

By de sportfjilden oan de Badhûswei op De Westereen is tiisdei troch wethâlder Van der Ploeg de earste peal slein foar it sûnenssintrum. Yn it sintrum komme de twa dokters, in fysioterapeut, in apteker en it konsultaasjeburo.

Mooglik komt dêr letter noch de ferloskundigepraktyk by. Dêrmei sit de earste line fan de soarch ûnder ien dak. It sintrum moat oer in jier klear wêze. It projekt kostet sa'n twa miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)