Frachtweinsjauffeur ferstoarn

20 okt 2009 - 14:17

In frachtweinsjauffeur is tiisdeitemoarn op de A6 by De Lemmer ferstoarn. It giet om in 50-jierrige man út it Brabânske Teteringen. De man ried yn de rjochting fan Emmeloord doe't er net goed waard.

De frachtwein rekke fan de dyk ôf en kaam yn de berm ta stilstân. De frachtwein is yn de rin fan tiisdeitemiddei fuorthelle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)