MCL besparret papier
It MCL-sikehûs yn Ljouwert besiket papier te besparjen troch net langer alle resultaten fan it laboratoarium automatysk útprintsje te litten. Dat besparret alle jierren goed 430.000 A4-kes. Neffens it sikehûs sels binne dat goed tritich beammen.
Yn 't plak fan se út te printsjen wurde de resultaten mei de kompjûter ferstjoerd.