Hûs yn Easterwâlde ôfbrând

20 okt 2009 - 10:41

Yn Easterwâlde hat moandeitemiddei brân west yn in wenning oan de Hoge Esch. De bewenner fan it hûs stie ûnder de dûs, seach dat der reek út it ôffierputsje kaam en belle it alarmnûmer. De brânwacht koe net foarkomme dat it hûs folslein ôfbrânde.

De brân is nei alle gedachten ûntstien yn de skoarstien. De bewenner fan it hûs hat in tydlike wenning oanbean krigen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)